Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
Piter Boersma: Liet fan it fjild


hjir wenje mar in stikmannich boeren
trije famyljes it hiele folkje
by de doarpstimpel in dûnsjend wolkje
tankje se har god mei trommeroeren


(Ut: ‘In ekskurzje yn de omkriten fan Liangshou’ fan Wang Wei)

Piter Boersma skriuwt yn syn ‘Neiwurd en ferantwurding:
‘De âldste Sineeske definysje fan poëzy seit, dat in gedicht de
ferwurding is fan in gefoel. De dichter is oandien troch de wrâld
om him hinne en jout syn gefoelens wer troch syn wurdkar by
de beskriuwing fan wat him sa oandie. Dêrby kin it gean om
ûnderfiningen út it iepenbiere libben, it sjen fan in lânskip,
it ûndergean fan de natuer of om priveesaken. Wat my oansprekt
is de direktens en faak ienfâld dêr’t dat mei dien wurdt.’

Yn dizze bondel stean 50 oersettingen út it hiele trijetûzenjierrige
tiidrek fan de klassike Sineeske poëzy (1000 foar Kr. - 1900 nei
Kr.). De gedichten binne troch de oersetter keazen út de ferneamde
blomlêzing Spiegel van de klassieke Chinese poëzie fan W.L. Idema.
Idema brûkt yn syn oersettingen gjin rym, Boersma docht dat wol.
Hy fûn it nijsgjirrich om de troch Idema brûkte foarm te brûken mar
woe foar himsels in útdaging kreëarje: ‘Ynhâldlik ha ik Idema sa
krekt mooglik folge, mar nei de foarm kinne myn oersettingen
bewurkingen neamd wurde.’

Piter Boersma (1947) is proazïst en dichter. Dêrnêst is er ek
oersetter fan poëzy en toaniel.
Foar syn roman It libben sels (1997) waard him yn 1998 de
Gysbert Japicx-priis takend.
Piter Boersma
Liet fan it fjild Sineeske gedichten
Jier fan útjefte: 2014
ISBN.EAN: 978-90-74516-15-0
Tal siden: 104
Ferkeappriis: € 10,00
Bestel