Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Piter Boersma: Molwrot

"...Fertel mar in koart ferhaaltsje."
"Hiel koart dan. It jonge moltsje kaam boppe de grûn. It soe wêze. Mar dêr wie in ielreager en dy pakte him. It moltsje pipe even."
"In wreed ferhaal," sei Alexander.
Seleina sei: "Yn Mahler syn muzyk hear ik ek al dy mollelûden werom, opwinende, lilke, wrede, seare."
"Hasto wat mei mollen?" sei Alexander.
"Fansels," sei Seleina.
Se seach har Servyske freon even ûnder de eachbrauwen wei oan.
Tsjin Catrinus sei se: "Hast in nuet ferhaal ferteld."
"As ik sels nuet bin, fertel ik in nuet ferhaal," sei er.
"Mar dat dochst nea ast mei my allinne bist."
"Om't ik it dan net doar."
Seleina seach Catrinus rjocht oan en doe sloech se de eagen del.
Catrinus stuts de hân út nei har hannen dy't op 'e tafel leine. Krekt op dat stuit stuts Seleina de hân út nei Catrinus sines dy't al yn de romte sweefde. De fingers fan harren hannen rekken inoar.
"It liket wol oft jim dûnsje wolle," sei Alexander.

Piter Boersma
Molwrot
Jier fan útjefte: 2017
ISBN.EAN: 978 90 74516 22 8
Tal siden: 245
Ferkeappriis: € 18,50