Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Bartle Laverman: In echte Fries

Fan 24 jannewaris oant en mei 27 maart 2016 wie der in eksposysje yn Tresoar fan skilderijen en gedichten fan Bartle Laverman mei de titel ‘Is der ek Fryske ferbylding?’ Yn dizze útjefte steane no foto’s makke troch Haye Bijlstra fan de doe eksposearre skilderijen. Wiene yn Tresoar de gedichten op besite by de skilderijen, yn dizze bondel is it krekt oarsom.

Ut it gedicht ‘in echte Fries’:

mar ea
ha ik in ljipaai fûn!
dêrom
sa pleitsje ik foar jim'
slút my
yn jimme mienskip
en neam my
ien fan ús


Bartle Laverman
In echte Fries (Gedichten en skilderijen)
Jier fan útjefte: 2016
ISBN.EAN: 978-90-74516-20-4
Tal siden: 58
Ferkeappriis: € 14,00