Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Carla van der Zwaag: Mika-eagen

Mika-eagen
is de debútbondel fan Carla van der Zwaag (1951). Tegearre mei har twalingsus ûntduts se op trettjinjierrige leeftyd yn ’e  boekhannel in dichtbondel fan Hanny Michaelis. Rillegau makke se har eigen gedichten. Nei har trouwen, trije bern en 25 jier foar de klasse wie der wer tiid foar dichtsjen en tekenjen.

Yn Mika-eagen komt in breed ferskaat oan tema’s en ûnderwerpen foarby. De gedichten binne ûnderbrocht yn de ôfdielingen Jeugd, De wrâld, Mei fakânsje en Ik. Carla van der Zwaag ûndergiet har libben en de wrâld mei blidens en swiersettigens. De bondel tsjûget fan ljocht en tsjuster.






Carla van der Zwaag: Mika-eagen
Jier fan útjefte: 2022
ISBN/EAN
9789074516518  
Tal siden:  43
Ferkeappriis: € 15,00