Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Gideon Samson, oersetting Geart Tigchelaar
Swarte Swan.

‘Do moatst it earst belove.’
‘Wat moat ik belove?’
‘Datst my noait yn de steek litst.’
‘Fansels lit ik dy noait yn de steek.’
‘En do moatst belove datst altiten fan my hâlde silst.’
‘Do bist myn suske!’
‘Ja mar beloofst it?’

Rifka hat wat geweldichs betocht. Se betinkt altiten al goeie dingen, mar sa goed as no is it
hast noait. Ja, okee, Duveke seit dan miskien wol dat it net kin, mar wat wit dy der no fan?
Rifka lit har troch net ien tsjinhâlde. Se sil de hiele wrâld foar gek sette.
In goed skûlplak fine. Dat is it wichtichst. Rifka moat dêr klean en iten ferstopje, en dêrnei
harsels. Wilens krije har âlden twa prachtige brieven en dan giet alles fêst krekt sa’t se it
úttocht hat.
It is in yngewikkeld plan. Gelokkich is Rifka it tûkste famke fan ’e wrâld. Mei in lyts bytsje
help fan Duveke wurdt dit de stunt fan ’e iuw. Rifka hat oan alles tocht. Dus wat kin der noch
misgean? Neat dochs?




Gideon Samson, oersetting Geart Tigchelaar
Swarte Swan
Jier fan útjefte: 2018
ISBN/EAN 978-90-74516-27-3
Tal siden: 210
Ferkeappriis: € 15,00