Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Heinrich Hoffmann: Smoarge Piter of fleurige ferhalen en grappige printen

‘Sjoch ris oan, hjir stiet er.
Fij, dy Smoarge Piter!
Fan de hannen beide
liet er him de neilen
net ris knippe hast in jier,
kjimme liet er net syn hier.
“Fij!” rôp elk, “dêr giet er,
wat in Smoarge Piter!”’


‘Der Struwwelpeter’ is it bekendste Dútske printsjeboek. Gjin oar berneboek op ’e wrâld is langer sûnder ûnderbrekking útjûn wurden, en mei oersetting yn oer de tachtich talen en dialekten hat it in wrâldomfiemjende ferspreiding fûn.
De ferhalen ûntstiene yn ’e jierren 1844-1847 yn Frankfurt am Main en wiene it gelegenheidswurk fan dr. Heinrich Hoffmann (1809-1894). Om’t er yn ’e boekhannel gjin passend berneboek fûn foar syn soantsje besleat er om sels oan ’e slach te gean. En sa ûntstiene de berime ferhalen mei tekeningen.
Heinrich Hoffmann
Smoarge Piter of fleurige ferhalen en grappige printen
Berneboek
Oersetting út it Dútsk: Jacobus Q. Smink
Oarspronklike title: Der Struwwelpeter
Jier fan útjefte: 2010
ISBN: 978-90-74516-11-2
Tal siden: 32
Ferkeappriis: € 12,90