Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Hidde Boersma: Dûnsje mei de Derwysk


De nijste dichtbondel Dûnsje mei de Derwysk fan Hidde Boersma is û.o. opdroegen oan Nasr Abu Zayd, de Egyptyske heechleraar yn de islam dy’t wenne en wurke yn Nederlân. Nasr Abu Zayd wie in spesjalist yn de stúdzje fan de Koran en de mystike filosofy. Troch syn krityk op de sharia kaam er yn oanfarring mei islamityske fundamentalisten yn Egypte. Hy waard bestimpele as ôffalige en moast yn 1995 útwike.

De gedichten yn dizze bondel teare de frije kop binnenstebûten. De Doede krijt in earm, in skonk, in skonk, in earm en in holle.
Hidde Boersma: Dûnsje mei de Derwysk
Jier fan útjefte: 2021
ISBN/EAN
9789074516419  
Tal siden: 53
Ferkeappriis: € 15,00