Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
Jacobus Quiryn Smink
Adams apel
Jier fan útjefte: 2013
ISBN.EAN: 978-90-74516-14-3
Tal siden: 32
Ferkeappriis:  € 8,00
Bestel
Jacobus Quiryn Smink: Adams apel

Jacobus Quiryn Smink debutearre yn 1983 mei de bondel Apàrte fersen. Sûnt ferskynden fan him 9 bondels. Foar de bondel Sondelfal waard him yn 2013 de Gysbert-Japicx-priis takend. Ta gelegenheid dêrfan is Adams apel útbrocht, in bondel mei gedichten oer miskien wol it wichtichste tema fan Smink; syn leafdes, syn famkes, syn froulju en hoe’t it foar Orfeus altyd wer ôfrint:

‘Yn in omsjoch
Ferlear har
Se hieten allegear
Gelyk

...

Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om’