Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
aurence Alma-Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as âldste dochter fan de Frânske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens AlmaTadema.

Laurence skriuwt fan jongs ôf oan en koesteret har oanlis op in protte mêden. Har wurk bestiet út gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrâldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse. Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit - wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme - treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrâld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.

Dizze útjefte is der kommen op inisjatyf fan Simen de Jong, dy’t him yn de rin fan ’e jierren wakker ferdjippe hat yn it libben en wurk fan Laurence Alma-Tadema en dat fan har heit de skilder Lourens Alma-Tadema. Hy hat earder in boek oer dy beide publisearre. Op syn fersyk hat Gerda Baardman in kar makke út it wurk fan Laurence Alma-Tadema. Sy hat ek de Nederlânske oersettings fersoarge. De Fryske oersettings fan de gedichten binne fan Redbad Veenbaas en it ferhaal is ferfryske troch Jantsje Post. De koarte libbensskets is skreaun troch Simen de Jong en ek de koarte beredenearre bibliografy is fan syn hân.
Laurence Alma-Tadema:
In stjer leafhawwe.
Gedichten en ferhaal
Jier fan útjefte: 2018
ISBN.EAN: 9789074516280
Ferkeappriis: € 15,00