Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Louis Paul Boon: Myn lytse oarloch. Oersetting Jacobus Q. Smink.

Myn lytse oarloch is in ‘oarlochskronyk’, dy’t Louis Paul Boon (1912-1979) skreau yn en fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. De tekst ferskynde earst yn ôfleveringen yn it wykblêd Zondagspost. Boon beskriuwt de oarloch fan de lytse man mei as ûnderwerpen kollaboraasje en ferset. Yn 1947 waarden de fragmintaryske kroniken yn hjir en dêr bewurke foarm as boek útbrocht. Myn lytse oarloch is it begjinpunt fan Boon syn literêre fernijing dy’t late ta syn grutte roman en masterwurk De Kapellekensbaan (1953).

De oersetting is dy fan de twadde printinge (1960), dy’t troch Boon – ûnderwilens minder striidber wurden – ta in minder provokatyf boek byskaafd waard. Hy heakke der doe ek it haadstik ‘Fyftjin jier letter’ oan ta.

De Belgysk-Flaamske skriuwer Louis Paul Boon jildt as ien fan de giganten fan de Nederlânske literatuer. Syn earm, folksk komôf ferleagene er nea. Yn ‘e rin fan syn skriuwerskip feroaren syn yndividueel belibbe opfettingen fan anargistysk-kommunistysk nei sosjalistysk, mingd mei desyllúzje.

Yn Myn lytse oarloch klinkt it al troch: ‘Skop de minsken oant se in gewisse krij… Wat hat it allegear foar sin?’
Louis Paul Boon: Myn lytse oarloch.
Jier fan útjefte: 2022
ISBN.EAN: 9789074516464
Tal siden: 88
Ferkeappriis: € 16,50