Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Pier Boorsma: Kulturele autonomy yn Fryslân

Yn dizze bondel, gearstald troch Pier Boorsma, stean artikels fan Will Kymlicka, Maarten Mourik en Pier Boorsma sels oer it tema kulturele autonomy. Boorsma hat dêrta de stikken fan Kymlicka en Maurik oerset, dy fan Kymlicka út it Ingelsk en Mourik sines út it Nederlânsk. Neffens Boorsma is it artikel ‘Liberaal Nasjonalisme’ fan Kymlicka ien fan de alderwichichste teksten oer it tema.

Pier Boorsma: ‘As ûnderdiel fan in projekt fan ‘nation-building’ hawwe liberale demokratyske steaten op hokfoar tiid ek besletten it brûken fan ien taal te begeunstigjen yn it ûnderwiis en de publike tsjinsten. Dat betsjut, dat alle oare talen yn dy steat marzjinalisearre wurde. As in nasjonale minderheid syn taal en kultuer fuortbestean litte wol, dan sil dy minderheid de maatregels fan de sintrale steat neifolgje moatte, d.w.s. de minderheidstaal sa mooglik ynfiere moatte yn ’e publike sektor'
Pier Boorsma
Kulturele autonomy yn Fryslân
Jier fan útjefte: 2016
ISBN.EAN: 978-90-74516-19-8
Tal siden: 74
Ferkeappriis: € 8,00