Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
In running gag om te gûlen
Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart syn earste gedichtebondel wie Oan dy tinke (leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje). De bondel waard nominearre foar de Piter Jellespriis. Yn dizze twadde spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.

De Schiffart publisearre nêst poëzy ek de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen en de roman Sjappy.







Sipke de Schiffart:  In running gag om te gûlen
Jier fan útjefte: 2022
ISBN/EAN
9789074516501 
Tal siden:  72
Ferkeappriis: € 15,00