Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Sipke de Schiffart (Longerhou, 1959) wikselt humor, synisme, plompens en oerdriuwing ôf mei tearens en weemoed. Syn gedichten waarden regelmjittich publisearre yn ûnder oaren it literêr tiidskrift Ensafh. Yn 2012 ferskynde syn ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen.

fan jo famylje moatte jo it ha

doe’t ik sei
dat myn achterneef
boargemaster is
fan Achtkarspelen,
in gemeente
mei wol
tritichtûzen ynwenners
en in oerflak
fan mear as
hûndert kante kilometer,
glide Tetske
fan har barkruk ôf
en foel my
yn de earmen


Sipke de Schiffart
Oan dy tinke
Jier fan útjefte: 2017
ISBN/EAN 978-90-74516-25-9
Tal siden: 103
Ferkeappriis: € 15,00