Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
Sjieuwe Borger Eksamenjier.

As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen.
Mei de roman Eksamenjier slacht Sjieuwe Borger in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiid dêr’t de ferhâlding fan de hadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoar en yn 2011 Simmer oan ’e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan nei’t syn ferkearing yn Grins útskuord is.

 
Bestel
 
Sjieuwe Borger
Eksamenjier
Jier fan útjefte: 2015
ISBN.EAN: 978-90-74516-16-7
Tal siden: 168
Ferkeappriis: € 15,00