Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Sjieuwe Borger: Simmer oan 'e Pikmar.

Dit is Sjieuwe Borger syn fjirde roman. Sybren Brouwer, in jonge fan 22 jier, hat in fakânsjebaantsje as barman yn it pleatslike kafee. Hy hâldt yn de fakânsje ta yn it hûs fan syn âlden yn Grou, mar wennet yn Grins dêr’t er studearret. Hy hat in freondinne, mar komt in oar famke tsjin dat er noch fan eartiids ken en dêr’t er fereale op wurdt. It ferhaal spilet yn it Grouster útgeanslibben ûnder jonge lju dy’t noch dwaande om út te sykjen wat se wolle yn it libben. Oan ‘e ein nimt it ferhaal in kear en rint alles oars as je oan it begjin fan it boek tinke soene.

Sjieuwe Borger (1964) is jurist en debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiid, dêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholistyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2008 folge Genesis abbekatekantoar, in roman dy’t spilet yn de wrâld fan de advokatuer. It giet yn Borger syn boeken om minsken dy’t yn in net alhiel noflike situaasje mei harsels konfrontearre wurde.  Yn 2015 ferskynde fan him nei Simmer oan ’e Pikmar wer in nije roman, Eksamenjier.
Sjieuwe Borger
Simmer oan ’e Pikmar
Jier fan útjefte: 2011
ISBN.EAN: 978-90-74156-00-6
Tal siden: 152
Ferkeappriis: € 16,50