Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 

Sjen - Blomlêzing
Willem Winters


Dit boek jout in kar út it wurk fan Willem Winters en ferskynt by gelegenheid fan de 75e jierdei fan de auteur.

Begjin tachtiger jierren fan de foarige iuw oppenearre Winters him as stikjeskriuwer, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. As stikjeskriuwer hat er sûnt dy tiid meiwurke oan in ferskaat oan tydskriften en oarsoartige útjeften, sa as oan de Fryske tydskriften Hjir, Ensafh, Trotwaer en De Moanne, mar ek de Leeuwarder Courant wie foar him in wichtich publikaasjekanaal, en dêrnêst stiene stikjes fan him yn bygelyks de Dagkranten fan it Noordelijk Filmfestival en yn de ‘uitgids’ Uit in Leeuwarden.

Mei in seleksje út dy rûnom ferskynde stikjes wol dizze blomlêzing in byld jaan fan Winters syn breed útwaaierjend skriuwerskip. De blomlêzing hat de titel Sjen meikrigen, want op ‘sjen’ mei in pear spesjale eagen berêst in protte wat Willem Winters oan it papier tabetrout.
\willem Winters: Sjen
Jier fan útjefte: 2021
ISBN/EAN
9789074516426  
Tal siden: 248
Ferkeappriis: € 20,00