Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Andre Looijenga: Fuortsjefinne: fragminten


Fuortsjefinne: fragminten is in samling fan 44 út de gedichten skreaun yn de jierren 2013 oant en mei 2020. In part hjirfan hat earder publisearre west yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh of op de webside fan it Frysk Dichterskollektyf Rixt.

André Roelof Looijenga (1982) is hikke en tein yn Tersoal as skoalmasterssoan. Hy studearre Gryks en Latyn, mei û.o. as byfak Aldfrysk, – benammen yn Grins, mar ek yn Amsterdam en Durham (Ingelân). Mei it gedicht de brêge wûn er yn 2017 de Rely Jorritsmapriis.

do by my yn earms en skurte

wy inoar it strjitplan fan ús lea

ús tuten it plein en tegearre

ranend wy ús tsjerken, skoallen

wenje wy mids de wrâld ús doarp





André Looijenga: Fuortsjefinne: fragminten
Jier fan útjefte: 2023
ISBN/EAN
9789074516402 
Tal siden:  64
Ferkeappriis: € 15,00