Bartle Laverman Underweis nei Walhalla Dit boek is de postúm útjûne bondel fan de yn 2020 ferstoarne dichter Bartle Laverman. Yn de bondel binne binne ek fiif ôfbyldingen fan skilderijen fan Laverman opnommen. It definitive manuskript foar de bondel wie begjin 2020 klear. De dichter hie problemen mei syn sûnens en fielde de dea doe al tichterby kommen. De gedichten tsjûgje fan ferbûnens mei de wrâld, mei de minsken om him hinne, mar foarmje foaral ek in wjerslach fan syn persoan. De ynhâld fan de bondel is wat er yn lêste ynstânsje neilitte woe. |