Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 

Edwin de Groot: Boskman (De taiga fan Timofei Sofer)

Boskman (De taiga fan Timofei Sofer) is skreaun troch de eagen fan Edwin de Groot syn alter ego Timofei Sofer, in Joadske boskarbeider út Birobidzjan yn East-Sibearië. De dichter hat himsels útdage om te besykjen fierder te sjen as syn eigen omjouwing en skreau in bondel as in hiel bosk. De bosk as de wrâld; ferwolkomjend, fijannich, waarm, kâld, tsjuster en ljocht.

Freonskip, ferlies, de (ambifalinte) relaasje mei de natuer, famylje, de grutte politike machten dy’t de boarger ferhûddûkje. It is oeral itselde. De freonskip kin de rêder wêze, de famylje, de natuer ek. En de leafde net te ferjitten.

Edwin de Groot (1963) is redakteur fan it (online) Frysktalige tydskrift Ensafh. Dit is syn sechsde Frysktalige bondel. De Groot wûn mei syn gedichten meardere kearen de Rely Jorritsmapriis. Hy publisearre Nederlânsktalige poëzij yn û.o. Hollands Maandblad en Gierik & Nieuw Vlaams Tijdschrift.
Edwin de Groot: Boskman (De taiga fan Timofei Sofer)
Jier fan útjefte: 2026
ISBN/EAN
  9789074516730 
Tal siden:  73
Ferkeappriis: € 17,50