Gerrit de Vries: Hûngerstien Mei spikerhurde poëzy sjocht de dichter it libben yn ’e eagen. Syn gefoelichheid is de oare kant fan ’e medalje, mar as dy oan bod komt, bart dat yn alle earlikheid: sûnder moederaasje. Gerrit de Vries dielt mei syn gedichten mokerslaggen út. skift 1 - in man allinne op ’en paad leaver as salvje en bepleisterje lit dat oer oan dûmny’s en dokters wol ik slaan en brekke snije en ferskuorre sizze wat oaren net iens doare te tinken |