Jetze de Vries: Fjoerdûnsers Fjoerdûnsers is de debútbondel fan Jetze de Vries (Harns). Syn poëzy is byldryk en boartlik. Hy skriuwt mei ynmoed en humor oer de wrâld en syn taal kin as in pook yn de ferbylding reakelje. it ljochte reid op ’e earm sinnestrielen yn dyn lange hier dyn fjild in fris lekken it nôt it wâljen dûzeljend op ’e jûn dêr’t dûnse wurdt yn ’e rûs fan gleone lûden Sa stookt er it fjoer op: slynt it wurd fan de flam, dûnset in sin oer gleone koallen. De Vries beweecht him gauris tusken de dream en de werklikheid, tusken it ferline en de aktuele tiid. Syn lûd is sêft en tear. Syn fersen prikelje. |